Blitsaerd offisjeel iepene

08 sep 2006 - 10:17

De nije Ljouwerter wenwyk Blitsaerd is tongersdei offisjeel iepene. Yn de wyk wurde 120 filla's boud. 29 dêrfan binne ferkocht. Mei de iepening fan de wyk komt in ein oan in acht jier duorjende striid. Guon belangegroepen ha skoften lang prosedearre om de bou fan huzen yn de Bullepolder te kearen. Benammen omdat de polder foar guozzen en smjunten in rêstplak is.

De Windgroep ferwachtet dat oer fiif jier alle huzen ferkocht binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)