Bline man rint de grêft yn op It Hearrenfean

04 nov 2015 - 16:03
  • Foarbygongers hellen de man op de kant

Op de Lindegracht yn it sintrum fan It Hearrenfean is woansdeitemiddei in bline man yn it wetter bedarre. Hy rûn mei in blinestôk troch it sintrum en hie net yn de gaten dat er by de grêft wie. Hy foel oardel meter nei ûnderen yn it wetter.

Omstanners hawwe de man út it wetter helle. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. It is op dit stuit net bekend oft de man ferwûne rekke is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)