Bline man oanriden op It Fean

12 sep 2009 - 13:27

In 52-jierrige bline man fan It Hearrenfean is freed ferwûne rekke by in ûngemak op it Kattebos yn syn wenplak. De man rûn oan de rjochterkant fan de rydbaan, doe't er troch in 22-jierrige automobiliste út Dolsterhuzen oanriden waard.

Neffens de bot skrokken frou waard se sels ferbline troch de sinne. Op it momint dat se de sinneklep nei ûnderen dwaan woe, rekke se de man. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. De plysje siket tsjûgen fan it ûngemak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)