Blikskea by achterfolging fyts

05 sep 2010 - 13:16

De auto fan in ynwenner fan Burgum is sneon skansearre rekke by in oanriding yn Drachten. De Burgumer waard oanriden troch in 54-jierrige man út Drachten, dy't achter syn stellen fyts oan siet.

De Drachtster hie in ûnbekende man op de fyts riden sjoen en wie der mei de auto achteroan gien. Dêrby ried de fytser tsjin de auto fan de Burgumer oan en foel op de motorkap. De fytser naaide dêrnei út en is noch net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)