Blik op de wei yn Ljouwert

30 aug 2006 - 09:42

It fenomeen 'Blik op de weg' waard tiisdei wol hiel letterlik wurklikheid yn Ljouwert. By de súdlike tagongsdyk fan de Wâldwei ôf hie in frachtwein in lading ferlern. Dy bestie út skyfkes sulverkleurich metaal. It liken wol cd's, mar de stikjes blik wurde brûkt by de fabrikaazje fan spuitbussen.

De lading soarge foar in opstopping. Mar nei in oere wie de saak oprêden en koe it ferkear der wel del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)