Blik ferve falt stikken op auto

02 maaie 2006 - 13:40

De plysje is op syk nei tsjûgen dy't sjoen hawwe hoe't in blik ferve op de auto fan in 32-jierrige frou út Amsterdam terjochte kaam is. Dat barde moandeitemoarn om 08.30 oere hinne op de rykswei A7 by Beetstersweach.

Se hearde in hurde klap en doe sieten har foarrút en motorkap ûnder de ferve. De foarkant fan de auto rekke skeind. It gie om in blik mei ferve, dy't fan in frachtwein fallen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)