Blijster rydt mei stikken rút

24 feb 2009 - 19:49

In man út Blije is tiisdeitemiddei op de A28 yn Oerisel fan de dyk helle omdat er mei in foarrút ried dat hielendal oan stikken lei. De man seach noch mar sa'n bytsje dat er net yn de gaten hie dat de plysje him oanhâlde woe.

De man hie de auto foar syn soan kocht omdat de motor noch knap wie. By de foarige eigner wie de motorkap iepenflein sadat it foarrút stikkensloech. De Blijster (53) krige in boete en mocht net fierder ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)