Blije moat better

04 mrt 2011 - 20:24

Blije wol oan de slach om it doarp kreazer te meitsjen en de leefberens te ferbetterjen. In wurkgroep hat in jier wurke oan de ynventarisaasje fan wat der is en wat ferbettere wurde moat.

Hjiryn stiet ûnder oare dat der wat oan de diken en it iepenbier grien yn it doarp dien wurde moat. En ek dat der fraach is nei wenten en dat der op toeristysk mêd noch wol kânsen lizze. Boppedat is der ferlet fan noch wat bedriuwichheid yn it doarp

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)