Bliidskip by Fryske Irakezen

15 des 2003 - 00:00

Ek yn Fryslân wurdt mei bliidskip op de arrestaasje fan Saddam Hussein reagearre. Guon Irakese flechtlingen tinke der sels al foarsichtich oan om werom te gean nei it heitelân.

Snein giene de bylden fan de oanhâlden Irakese âld-lieder oer de hiele wrâld. In feestlike gelegenheid foar de Irakezen yn Fryslân. It Frysk Fredesplatfoarm wol graach helpe mei te praten oer it werom gean fan Irakezen en it opbouwen fan struktuer yn Irak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)