Bliidskip by flearmûzeprojekt

29 apr 2014 - 22:17

Meiwurkers fan it flearmûzeprojekt yn Tsjerkwert binne tige bliid mei de nominaasje foar de lanlike priis "De Gouden Zwaluw". Yn Tsjerkwert binne twa jier lyn allegear webcams pleatst yn it dak fan de âlde herfoarme tsjerke yn it doarp. Dêr sitte hûnderten saneamde marflearmûzen.

Mei de webcams wurde filmkes makke dy't werom te sjen binne op ynternet. Dit projekt foel yn de smaak by de Vereniging Nederlands Cultuurlandschap en dêrom is it flearmûzeprojekt nominearre foar "de Gouden Zwaluw".

Dizze priis wurdt útrikt oan projekten dy't de natoer yn in doarp of stêd befoarderje. De útslach wurdt op 12 juny bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)