Bliidskip by Cambuur

26 apr 2006 - 00:28

Spilers en technyske stêf fan Cambuur binne bliid dat de klub lang om let rêden is. "We kunnen weer vooruit", sei trener Roy Wesseling. Cambuur kin de kontraktspilers no mear sekerheid biede en kin boppedat op syk nei nije spilers. Keeper Peter van der Vlag hat foar 3 jier bytekene en is hiel bliid.

De surséânse fan betelling wurdt tiisdeitemiddei dochs oanfrege, omdat dat de bêste manier is om fan de lêste fiif skuldeaskers ôf te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)