Bliid mei weromfûn rút

14 jan 2006 - 16:11

Soarchgroep Noorderbreedte is bliid dat it brânskildere rút fan it Bonifatiushospitaal yn Ljouwert wer werom is. It rút waard in pear jier foar de sloop fan it Bonnehos fuorthelle, om foar te kommen dat it sneuvelje soe. Dêrnei wie it weirekke, mar nei in tip hat de plysje it rút freed yn Twizel weromfûn.

Soarchgroep Noorderbreedte wol it keunstwurk in passend plak jaan yn ien fan syn ynstellingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)