Bliid mei ûndersyk iisbanen

07 jun 2013 - 13:05
  • Thialf, It Hearrenfean

De Fryske fertsjintwurdigers yn de lederie fan de KNSB binne bliid mei it finansjele ûndersyk nei de iisbaanplannen yn Almere, Zoetermeer en Thialf. Se soene wol leaver hawwe dat KNSB en NOC/NSF ophâlde mei de wedstriid. Dat seit Johannes de Vries fan Grou, ien fan de trije Friezen yn de lederied. De wedstriid tusken de trije iisbaanplannen is sa stadichoan in 'soap' wurden, fynt De Vries.

De KNSB makke tongersdei yn in parseberjocht bekend dat de lederied massale stipe jout oan de striid tusken de trije inisjativen, mar dat leit dus oars.

De Vries hat ek krityk op de provinsje. Der is seis jier lang in soad praat oer in nij Thialf, mar der is mar in bytsje bard, seit De Vries. Mei Jan Bergmans fan Winaam en Hans van der Linden fan Goaiïngaryp foarmet er de Fryske ynbring yn de lederied fan de KNSB.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)