Bliid mei stipe hege rjochter

04 feb 2013 - 17:46

De riedshearen fan it gerjochtshôf yn Ljouwert binne bliid mei de stipe fan de heechste rjochter fan Nederlân, Geert Corstens. Dy warskôget foar in te hege wurkdruk by rjochters.

De presidint fan de Hege Ried stipet dêrmei it manifest dat guon riedshearen fan it hôf yn Ljouwert earder al opsteld hawwe om de wurkdruk oan te kaarten. Neffens ien fan de inisjatyfnimmers fan it manifest, riedshear Menno Zandbergen, draait it by it hôf tefolle om produksje.

Se wurde beoardiele op it tal saken dat behannele wurdt. Zandbergen fynt dat de polityk no oan set is, om de wetten te feroarjen sadat de wurkdruk leger wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)