Bliid mei sloop Jonge Poerink

02 okt 2012 - 07:13

De fraksjes fan Ooststellingwerfs Belang, de VVD en it CDA yn de gemeenteried fan Eaststellingwerf binne bliid dat de gebouwen fan de Jonge Poerink yn Easterwâlde lang om let sloopt wurde. Der wurdt al jierren praat oer it terrein fan de eardere bêdefabrikant mei dêrop de swier fertutearze gebouwen.

Mear as tolve jier is besocht yn oerlis mei de projektûntwikkeler oerienstimming te berikken oer sloop. De partijen binne bliid dat dat no slagge is. De sloop is it begjin fan in grutte opknapbeurt fan it gebiet Venekoten-sintrum Easterwâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)