Bliid mei sâlt ûnder Waad

03 sep 2014 - 18:52
  • Waadsee

De provinsje is bliid dat der no grien ljocht jûn is foar sâltwinning ûnder it Waad. Dat betsjut dat dy sâltwinning definityf net mear ûnder it lân plakfine sil. It fuortheljen fan it sâlt ûnder it Fryske fêste ân smyt troch de grûndelgong in soad skea op. Dêrom hat de provinsje earder ek ynsetten op it ferpleatsen fan dy sâltwinning nei it Waad. Dat kin neffens deputearre Poepjes ek op in ferantwurde wize dien wurde, sûnder skea oan de natuer.

Saakkundigen hawwe dat neffens har goed tsjin it ljocht hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)