Bliid mei ôfspraken oer Frysk

22 apr 2013 - 17:00
  • Bestjoersôfspraak Frysk

It steatekomitee Frysk is bliid dat der nije ôfspraken makke binne mei it ryk oer it Frysk yn bygelyks it ûnderwiis, yn de rjochtspraak en by de poadiumkeunsten. Dat seit foarsitter Annigje Toering. Wol is der soarch oer wat der op de ferskate ministearjes mei dien wurdt.

Frou Toering reagearret op de bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer dy't minister Plasterk fan Ynlânske Saken ûndertekene hat. Toering hat yn it ferline fernaam dat it dreech is om de Haagske ministearjes dúdlik te meitsjen dat it Frysk mear is as in dialekt.

Toering fynt it spitich dat der noch gjin hurde ôfspraken oer it Frysk yn de media makke binne. Oer Fryske radio en televyzje is no allinnich in ferwizing opnaam nei it rapport fan de kommisje-Hoekstra. Dy kommisje advisearret om in folweardich oanbod fan Fryske radio en televyzje op te nimmen yn de mediawet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)