Bliid mei nij DNA-ûndersyk

03 apr 2012 - 16:08
  • Marianne Vaatstra

De famylje fan Marianne Vaastra is bliid dat der in nij DNA-ûndersyk komt. Se hoopje dat sa einlik de man fûn wurde sil dy't harren dochter om it libben brocht hat. Yn de databank dêr't DNA fan feroardielden en fertochten yn opslein is, sil socht wurde nei famyljeleden fan de moardner fan Marianne.

Mocht dat neat opsmite, dan komt der mooglik in grut DNA-ûndersyk yn de omjouwing fan Feankleaster. Dêr waard it 16-jierrige famke út De Westereen yn 1999 fermoarde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)