'Bliid mei minderheidskabinet'

30 jul 2010 - 21:06
  • Atsma is bliid dat frijheid fan godstsjinst oerein bliuwt

CDA-Twadde-Keamerlid Joop Atsma is bliid dat der draachflak is foar in minderheidskabinet fan VVD en CDA. Freedtejûn ha de fraksjelieders fan VVD, PVV en CDA ynformateur Ruud Lubbers frege sa'n kabinet te ûndersykjen. Freedtemiddei waard de útkomst bepraat mei de eigen fraksje.

CDA-Twadde-Keamerlid Joop Atsma fan Surhústerfean wie dêrby oanwêzich. Hy is bliid dat mei in kabinet fan VVD en CDA de frijheid fan godstsjinst en de frijheid fan ûnderwiis oerein bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)