Bliid mei komst tuchtskoallen

05 apr 2004 - 00:00

It Ljouwerter VVD-riedslid Wyb Feddema is bliid dat de mearderheid fan de Twadde Keamer tuchtskoallen ynstelle wol foar ûnhandelbere learlingen.

Feddema en syn PvdA-kollega Van Olffen kamen twa jier lyn al mei in plan foar in ynternaat foar bern dy't net te hanthavenjen binne op skoalle. CDA, VVD, D66 en PvdA yn de Twadde Keamer wolle dat no ek. Sy reagearje dêrmei op petearen oer feilichheid dy't op skoallen holden binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)