Blide reaksjes op Nuon-jild

04 jul 2013 - 17:10
  • Wenningbou

It bedriuwslibben is bliid mei de Nuon-miljoenen dy't de provinsje yn de Fryske ekonomy pompt. Woansdei namen de steaten it beslút de kommende moannen al 85 miljoen euro fan de mei-inoar 300 miljoen te ynvestearjen. In part dêrfan is beskikber foar it midden- en lytsbedriuw. It jild dat beskikber is, komt foar it grutste part fan de Kredietbank: 5 miljoen euro. Bedriuwen dy't by in gewoane bank gjin liening krije kinne, kinne dêr terjochte.

Bouwend Nederland, ôfdieling Fryslân, is bliid mei it jild foar ekonomy, mar is ek ôfwachtsjend.

Yn novimber beslute Provinsjale Steaten wat se mei de rest fan it jild dogge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)