Blessumer skeletten tige âld

17 maaie 2001 - 00:00

It 'riedsel fan Blessum' liket hieltyd grutter te wurden. De twa yn 1999 opgroeven skeletten binne folle âlder as tocht. Se komme út de 6e of 7e ieu.

Dat wie de tiid foar de yntrede fan it kristendom. Begroeven skeletten út dy tiid binne tige seldsum. Doe't de skeletten fûn waarden, waard earst tocht oan in misdriuw, dêrnei oan slachtoffers fan de Slach by Boksum, ieuwen lyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)