Blessueres by SC Hearrenfean

01 apr 2005 - 14:43

Trener Gertjan Verbeek fan sportklub Hearrenfean kin foar de wedstriid tsjin Ajax gjin berop dwaan op de skorste Mika Väyrynen. Fierder binne Arek Radomski, Tomasz Rzasa en Arnold Bruggink net ynsetber troch blessueres.

Jeroen Drost, André Hanssen, Michel Breuer en Lasse Nilsson binne nei alle gedachten de ferfangers. De kommende wiken binne fan grut belang foar de Feansters. Nei Ajax wurdt der spile tsjin FC Twente en Vitesse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)