Blessueres by Cambuur

23 sep 2014 - 12:55
  • SC Cambuur

Cambuur hat foar de bekerwedstriid tsjin FC Den Bosch te meitsjen mei in tal blessueres. Mohamed El Makrini (ankel en knibbel) en Bartolomew Ogbeche (holle) kinne net spylje. Erik Bakker hat lêst fan de knibbel. Hy begjint op de bank. Vitas hat noch lêst fan it ankel. Hy begjint ek op de bank. Albert Rusnák wurdt sparre en Harm Zeinstra is de keeper. Donovan Slijngard en Sebastian Steblecki meitsje har debút foar Cambuur. Lucas Bijker docht wol mei. Hy is foar de kompetysje foar ien wedstriid skorst, mar dat jildt net foar de beker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)