Blessueres by Cambuur

05 apr 2012 - 12:48
  • SC Cambuur

In wasklist oan blessueres by Cambuur dizze wike. Yn oanrin nei de útwedstriid tsjin Veendam freed, binne der wer in tal blessueres bykaam. Oguzhan Türk (ankel) Mart Dijkstra (lichte harsenskodding), Robbert te Loeke (rêch) binne útskeakele. Neist de al bekende blessueregefallen fan Mark de Vries, Leon Hese, Erik Bakker en Sandor van der Heide betsjut dat dat der mar leafst sân spilers blesseard binne. Dêr komt ek nochris de skorsing fan Wout Droste by. De technyske stêf fan Cambuur moat puzzelje om de opstelling rûn te krijen.

It is noch net dúdlik wa't rjochtsback spylje sil. Jasar Takak spilet foar Türk op it middenfjild. Robert van Boxel foarmet mei Martijn van der Laan it sintrum fan de ferdigening. De foarhoede bliuwt sa't hy de lêste wedstriid wie: Schepers, Barto en De Leeuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)