Blessuere Van der Meulen

18 apr 2013 - 12:27

Opslagger Johan van der Meulen fan Bitgummole moat de iepening fan it keatsseizoen oan him foarby gean litte. Van der Meulen hat syn skynbonke brutsen en moat no fjouwer wiken yn it gips.

"Myn doel is om der 2 juny by de frijeformaasjepartij yn Dronryp wer by te wêzen, mar miskien is dat wol te optimistysk", seit Van der Meulen yn in reaksje. De earste twa frijeformaasjepartijen, yn Frjentsjer en Sint Anne, is Van der Meulen der wis net by. Syn beide maten Renze Piter Hiemstra en Hylke Bruinsma moatte no op syk nei in ferfanger.

Martijn Olijnsma soe in opsje wêze kinne, mar dat leit gefoelich. Olijnsma is ein ferline seizoen oan de kant set troch Hylke Bruinsma en Marten Feenstra. Olijnsma hie syn nocht en hat doe besletten om op te hâlden mei keatsen. "As se my benaderje, moat ik dêr earst in pear nachtjes oer sliepe", sa seit Olijnsma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)