Blessuere sit Pranjic dwers

25 okt 2006 - 10:36

Hearrenfean-spiler Danijel Pranjic moat nei alle gedachten de wedstriid tsjin Ajax takom sneon oan him foarby gean litte. De middenfjilder hat lêst fan in ljiskblessuere dy't hy oprûn yn de wedstriid tsjin Grins. Nei in heal oere moast hy snein it fjild ferlitte.

Tongersdei of freed wurdt besletten of't Pranjic meidwaan kin tsjin Ajax. Oars rjochtet de Kroaat him op de UEFA-cup wedstriid tsjin Odense BK, takom wike tongersdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)