Blessuere Mark Uth op tiid ferholpen foar striid Feyenoord

20 maaie 2015 - 14:20
  • Mark Uth definityf nei it Dútske Hoffenheim

Hearrenfeanspits Mark Uth is op tiid fit foar de wedstriid tsjin Feyenoord. Uth koe snein tsjin FC Twente net meidwaan troch in blessuere oan syn knibbel. De folsleine seleksje fan Hearrenfean is fit en ek Joost van Aken komt werom fan in blessuere.

Op it stuit is it team foar in pear dagen op trainingskamp yn Garderen op de Veluwe. Joey van den Berg is woansdei alfêst werom nei hûs gien, om't syn frou alle mominten befalle kin.

Hearrenfean spilet tongersdei it earste duel yn de play-offs thús tsjin Feyenoord. Snein is de return.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)