Blessuere foar Richard Schuil

27 apr 2010 - 15:00
  • Richard Schuil

De Ljouwerter beachfollyballer Richard Schuil is twa oant trije wike útskeakele mei in blessuere oan it ankel. Hy rûn de blessuere ferline wike op by it earste toernoai fan de wrâldtour yn Brazilië. It barde yn de wedstriid tsjin de Amerikanen Gibb en Rosenthal, dy't ferlern waard.

Schuil hopet op 20 maaie tegearre mei syn maat Reinder Nummerdor wer meidwaan te kinnen by it Grand Slam-toernoai yn Rome. De Ljouwerter moat op syn minst in wike rêst hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)