Blessuere foar Oguzhan Turk

22 sep 2011 - 12:57

SC Cambuurmiddenfjilder Oguzhan Turk hat yn de bekerwedstriid tsjin FC Zwolle in blessuere oan de ljisk oprûn. It is ûnwis oft er freed spylje kin tsjin Helmond Sport. Oan de oare kant komt Sandor van der Heide werom fan in lichte blessuere. Hy waard tsjin Zwolle út foarsoarch oan de kant hâlden.

Martijn van der Laan hâlde tongersdei healweis de training op. De ferdediger hat al in skoft lêst fan de tean, mar kin wol spylje tsjin Helmond.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)