Blessuere foar keeper Steppe

30 jul 2009 - 11:43
  • Kenny Steppe is yn alle gefallen seis wike út de running

Keeper Kenny Steppe fan SC Hearrenfean is wol foar seis wike útskeakele. Hy hat in bonkje yn syn hân brutsen en dêr wurdt takom freed in skroef yn setten. As de breuk nei seis wike net oer is, moat hy mooglik ek noch yn it gips en dan duorret it herstel langer.

Grutte fraach is no wa't takom freed de keeper is yn de earste kompetysjewedstryd. Vandenbussche sit net mear by de seleksje en Agil Etemadi is útliend oan Emmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)