Blessuere Epke falt ta

05 sep 2011 - 17:29
  • Epke Zonderland (argyffoto)

De blessuere fan turner Epke Zonderland oan it skouder liket ta te fallen. Dat is de konklúzje fan in MRI scan dy't moandeitemiddei yn it sikehûs yn Amsterdam makke is. Zonderland rûn de blessuere dit wykein op by in wrâldbekerwedstryd yn België.

Ut foarsoarch liet hy dêr de finale oan de rekstôk rinne. Neffens Zonderland is der neat slims te sjen op de scan en rint syn meidwaan oan it WK yn Japan yn oktober gjin gefaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)