Bleifiskje yn Alde Feanen

28 jun 2006 - 11:16

It Fryske Gea oerwaget om de kommende jierren grutskalich op benammen blei te fiskjen yn de Alde Feanen. It giet dan foaral om de Jan Durkspolder. Dêr hat it Fryske Gea de ôfrûne tiid it wetterpeil behoarlik ferlege.

Nei in pear jier gieet dat wer omheech. Dy wikseljende peilen bliuwe, want sa bliuwt de natuer him ûntwikkeljen. Mar dêr heart ek in gruttere kâns op fiskstjerte by. Dêrom wurde de fisken der no gau úthelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)