Bleeker hat bêste hjerrings

05 jul 2003 - 00:00

Doede Bleeker fan Starum is fyfde wurden yn de ferneamde AD-hjerringtest. Hy is dêrmei de iennichste yn Fryslân dy't yn de top-tsien bedarre. It sjueryrapport wie fol lof oer de hjerring fan Bleeker en sy seagen yn him wol in potinsjele winner foar de kommende jierren.

Yn de test fan 65 fiskwinkels stiene noch twa oare Fryske fiskwinkels, mar dy wiene net bêst. Fiskhannel Spijkerman fan Kollum waard 54ste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)