Blêdkuorren foldogge goed

20 des 2006 - 16:56

De blêdkuorren dy't op 26 plakken yn Achtkarspelen stean, binne ek dit jier in grut súkses. Dat makket de gemeente bekend. It is foar it tredde jier dat Achtkarspelen yn 'e hjerst kuorren delset. Ynwenners kinne dêr blêden yn dwaan dy't se opfage ha op iepenbiere plakken.

De kuorren wurde ein dizze wike wer ophelle. Mar fanwege it grutte sukses komme se takom hjerst werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)