Blêd oer natuer T'yt'diel

09 jul 2011 - 13:36

Tytsjerksteradiel jout in glossy út. Yn dat magazine wol de gemeente de eigen ynwenners en minsken fan bûten ynformaasje jaan oer de natuer yn de gemeente. Yn it blêd wurdt op boartlike wize útlein watfoar plannen der binne foar de natuergebieten, lânskippen, floara en fauna. Ek steane der fjouwer kuierrûtes yn.

It blêd Natuerlik Tytsjerksteradiel is by boekwinkels en oare ferkeappunten te keap foar twa euro fyftich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)