Blaze op tal fan plakken

28 okt 2012 - 14:12
  • Hoareka

Yn Ljouwert hat de plysje sneontenacht fjouwer bestjoerders trappearre mei it riden mei drank op. Op tal fan plakken yn de binnenstêd moasten 147 bestjoerders blaze. In ynwenner (20) fan Ljouwerteradiel rekke syn rydbewiis kwyt om't er tefolle dronken hie. Ek yn Appelskea rekke in man (35) út Easterwâlde syn rydbewiis kwyt om't er tefolle dronken hie.

By kontrôles yn Lemsterlân, Skarsterlân en Boarnsterhim binne sneontenacht sa'n 125 bestjoerders kontrolearre. Net ien fan har siet mei drank op achter it stjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)