Blauwe, reade en pearse ierappels nominearre foar priis

18 jan 2016 - 16:03
  • Ierappels mei in kleurke

Kleurige ierappels, ûntwikkele troch ierappelkweek- en eksportbedriuw HZPC fan De Jouwer binne nominearre foar in belangrike priis. It giet om de Innovation Award fan it ynternasjonale Fruit Logistica. De HZPC hat ierappels kweekt dy't blau, pears en read binne. Se wurde troch sjef-koks yn hiel Europa brûkt.

Njonken de ierappels fan HZPC binne noch njoggen oare produkten nominearre foar de priis. Besikers fan in grutte beurs yn Berlyn meitsje begjin febrewaris út wa't de winner is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)