Blauwe pipermunt foar Bonifatius

07 jul 2015 - 17:32
  • Bonifatiuspipermunt: blau mei in swurd derop

Yn Dokkum wurdt in nij pipermuntsjesoart makke. It giet om de saneamde Bonifatiuspipermunt. It muntsje hat in blauwe kleur en der is in swurd op te sjen. De ferpakking sjocht der út as in âlde bibel.

It idee fan de pipermunt komt fan Dokkumer ûndernimmers en it snobbersguod wurdt makke by Fortuin Dokkum. De Bonifatiuspipermunt is aanst oeral yn Dokkum te krijen, mar wurdt ek oanbean troch ferskate bibelmuseums yn it lân en delikatessesaken yn Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)