Blauwe hoanskrobber briedt wer op Skylge

13 jul 2015 - 12:13

De blauwe hoanskrobber is wer werom as briedfûgel op Skylge. Der binne trije piken grut wurden op de Boschplaat en útflein. Mooglik is der op in oar plak noch in nêst, mar dêrfan is Steatsboskbehear net wis.

De blauwe kiekendief, sa as de fûgel yn it Hollânsk hjit, is in hiel seldsume briedfûgel yn Nederlân en briedt yn Fryslân hast allinnich op de Waadeilannen. Dat der no wer in nêst is, hat mooglik te krijen mei in oare wize wêrop de natoerterreinnen beweide wurde. Ek binne der in soad kninen, en de fûgel is sljocht op in jong knyntsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)