Blauwe fjoertoer op Flylân

18 jul 2013 - 12:30
  • De blauwe fjoertoer op Flylân

In blauwe fjoertoer op Flylân moat toeristen oerhelje om fan 't simmer dochs noch nei ien fan de Waadeilannen komme. Dat is it idee fan de VVV-kantoaren op de eilannen. Troch de fjoertoer fan Flylân blau te meitsjen moat de oandacht lutsen wurde fan minsken út it midden fan it lân, dy't no fakânsje krije en noch net witte wêr't se hinne moatte. Fierders sil ek noch in seis meter hege replika fan in fjoertoer yn Utrecht te sjen wêze.

Hanita van der Schaaf fan toeriste-organisaasje Beleef Fryslân ferwachtet dat de promoasjekampanje fertuten dwaan sil. Pommeranten lykas Frits Wester twitterje oer de aksje, en dat helpt ek.

De besikersoantallen op 'e Waadeilânnen ferskille oant no ta bot dit jier. Hie It Amelân ferline jier noch in rekôrtal badgasten, dit jier sitte se noch net iens op 'e helte. Op Flylân is it dit jier drokker as ferline jier. Op Teksel is it like drok as yn 2012. De Waadeilannen binne mei-inoar mei de kampanje 'Wad heb je nodig' begûn om mear last-minute-toeristen nei de eilannen te lokjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)