Blautonge-ynfo op web

30 aug 2007 - 21:50

Feehâlders en diere-artsen kinne op ynternet lêze hoe't se bisten mei blautonge behannelje moatte. De ynformaasje is te finen op de webside fan it ministearje fan lânbou.

Minister Verburg hat in behannel-adfys opstelle litten, om de skea en it lijen fan sike bisten safolle mooglik te beheinen. It blautonge-firus ferspriedt him hurder as ferline jier. Der binne folle mear bisten siik en der geane mear dea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)