Blautonge sit emigraasje dwers

29 nov 2006 - 23:41

Boer Henk Stiksma fan Bûtenpost mei net mei syn kij nei Portugal ferhúzje. Dat seit it Portugeeske regear. Nederlân is sûnt it útbrekken fan blautonge in risikogebiet.

Stiksma wie al hielendal klear foar de ôfreis nei Portugal. Ein augustus soe it hiele spul dy kant op, mar it blautongefirus skopte alles yn 'e war. Wannear't Stiksma no wol nei Portugal ferhúzje kin, bliuwt foarearst ûndúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)