Blautonge set eksport op slot

10 nov 2008 - 23:43
  • Blautonge: eksport ferbean

Der meie op it stuit gjin kij, skiep en geiten eksporteard wurde fanút Fryslân. Minister Verburg fan Lânbou hat dat ferbean omdat der twa nije gefallen fan blautonge ûntdutsen binne. Ien dêrfan is op in bedriuw yn Basse, by Stienwyk.

Foaral de skieppeboeren wurde hurd troffen, omdat der jierliks mear as 600.000 skiep ferhannele wurde nei it bûtenlân. Hoe lang de maatregel duorje sil, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)