Blautonge leit eksport stil

19 mrt 2008 - 17:48
  • eksport fan kij leit stil

In grutte strop foar fee-eksporteurs. Troch nije Europeeske en Russyske regels om blautonge tsjin te gean, leit de eksport fan drachtige kij sa goed as stil. Troch it ûntbrekken fan faksins liket de kâns lyts dat der dit jier noch eksporteard wurdt.

De sektor wurdt al sûnt 2006 pleage troch de feesykte, dy't ferspraat wurdt troch in mich. Oanlieding fan it eksportferbod is de ûntdekking fan blautonge by keallen yn Noard-Ierlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)