"Blautonge klap foar hannel"

11 sep 2006 - 16:05

De fynst fan blautonge ferline wike kin de skieppeboeren en -hannel in hiel soad jild kostje. Dat seit foarsitter Kingma fan de stichting Veehandelcentrum Noord Nederland, dy't de Ljouwerter feemerk organisearret.

Troch de útwreiding fan de sykte nei Fryslân ta, jilde no foar hiel Nederlân deselde eksportregels. Dy betsjutte dat it bloed ûndersocht wurdt en dat der tastimming nedich is fan it lân dat de bisten ymportearret.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)