Blauhúster Dakkapel hâldt op

31 maaie 2011 - 22:18
  • De Blauhúster Dakkapel op iensume hichte
  • Alde tiden

De Blauhúster Dakkapel hâldt dermei op. Dat hawwe de leden tiisdeitejûn besletten. Neffens foarsitter Bernlef Kornelis is de reden dat de measte muzikanten te âld wurde foar de optredens. De Blauhúster Dakkapel is yn 1972 begûn, op it dak fan it Teatskehûs yn Blauhús.

Yn de fjirtich jier dêrnei folgen optredens yn binnen- en bûtenlân. Sa spile it orkest yn Japan en Kanada en fansels yn Thialf. Der komt noch in CD. It lêste optreden is takom jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)