Blau-Wyt wol nij treningsfjild

30 okt 2002 - 00:00

Nei fiif jier is der noch altyd gjin dúdlikheid oer in nij sportkompleks foar Blau-Wyt. De 700 fuotballers trene achter it fabryk fan Friesland Dairy Foods. It fabryk nimt hieltyd mear lân fan de klub ôf troch utwreiding.

Blau-Wyt soe in nij treningsplak krije yn Goutum-Súd, mar de gemeente jout gjin útslútsel. Neffens de foarsitter is de ûnsekerheid in kwealike saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)