Blau-Wyt wol nei Drachtsterwei

09 jan 2003 - 00:00

Blau-Wyt '34 easket ferhuzing nei de Drachtsterwei. Dat wie de Ljouwerter fuotbalklub al tasein, mar de feriening wachtet der noch hieltyd op. De klub sit oan de Jachthavenleane, mar moat dêr wei om't it oanbuorjende fabryk fan Friesland Coberco útwreidzje wol.

Wethâlder Hafkamp sei dat ferhuzing te djoer wie. Se wol sjen oft der yn it suden fan de stêd in sportkompleks komme kin dêr't de klub plak krijt. Blau-Wyt fielt neat foar dy opsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)