Blau-Wyt ferslein troch deade

12 mrt 2011 - 16:34

Fuotbalferiening Blau-Wyt 34 yn Ljouwert hat sneon alle wedstriden ôflast. De klup hat dat besletten om't in lid freedtejûn yn Ljouwert om it libben kaam is by in oanriding.

It slachtoffer, Eeuwke Reidsma, wie al 46 jier aktyf by de fuotbalklup. Ek de fjouwer bern fan Reidsma spylje by de feriening. De fjouwer teams dêr't sy ynsitte binne sneontemoarn op de klup opfongen. Fuotbalklup FVC hat de flagge healstôk hongen en hat foar de wedstriden in minút stilte hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)